parseberjocht - Noordoost Friesland

advertisement
PARSEBERJOCHT
Nûmer:
Datum:
094/RR
6 mei 2014
Provinsje ynvestearret yn digitalisearring Frysk Erfgoed
De provinsje sil de kommende jierren € 5 miljoen ynvestearje yn de digitalisearring fan
it Frysk erfgoed. Dat bart op grûn fan in mienskiplik útstel fan Afûk, Cedin, Fryske
Akademy, Omrop Fryslân, Ried fan de Fryske Beweging en Tresoar.
Dit útstel, it Deltaplan Digitalisearring, hat ta doel Fryske erfgoedkolleksjes digitaal te meitsjen en
beskikber te stellen. Dêrtroch wurdt in firtueel Fryslân makke dêr’t maatskiplike, toeristyske,
wittenskiplike en ekonomyske sektoren tagong ta hawwe. It Deltaplan heart by de
ynvestearringsaginda Wurkje foar Fryslân. Mei elkoar stekt de provinsje sa’n € 300 miljoen yn de
Fryske ekonomy. Ien fan de doelen is om de minsken wer oan it wurk te helpen.
It Deltaplan makket it de Fryske erfgoedynstellings mooglik om harren skatten sjen te litten oan in
breed publyk. It materiaal is goed trochsykber op in ‘erfgoedplein’ dêr’t minsken neffens harren eigen
ferlet harren ynformaasje fine kinne. Dêrneist jout it Deltaplan in geweldige ympuls oan de
digitalisearring fan ‘persoonsgebonden’ ynformaasje. Dat betsjut dat elkenien mei in relaasje mei
Fryslân him/harsels weromfine kin yn persoangegevens, gegevens oer hûs en doarp, berop, religy,
ensafuorthinne. Ek makket it Deltaplan in firtuele reis troch Fryslân mooglik oan de hân fan kaart-,
foto- en filmmateriaal.
Wurkplakken
Deputearre Jannewietske de Vries: “Mei dit projekt meitsje wy Fryslân sichtber. Net allinnich foar al dy
minsken dy’t Fryslân yn 2018 oandwaan sille as Ljouwert Kulturele Haadstêd is. Ek foar de minsken
dy’t net nei Fryslân komme is dit moai, want dy belibje de provinsje firtueel. Sa kinne wy de posysje
fan Fryslân yn de wrâld fuortsterkje. Boppedatmeitsje wy der wurkplakken mei.”
It projekt soarget foar in stevige direkte wurkgelegenheidsimpuls. Oant en mei 2018 binne dat 111
tydlike wurkplakken. Trochdat it digitale materiaal brûkt wurde kin troch allegearre maatskiplike en
ekonomyske sektoren om dêr harren eigen produkten fan te meitsjen (toerisme, ûnderwiis en
ûndersyk, ensafierder) sterket it de kulturele en ekonomyske struktuer fan Fryslân fuort.
Voor meer informatie over het persbericht kunt u bellen met de afdeling Communicatie van
de provincie Fryslân, tel. 058 – 292 5735. Dit persbericht is ook te vinden op internet:
www.fryslan.nl.
Provincie investeert in digitalisering Fries erfgoed
De provincie investeert de komende jaren € 5 miljoen in de digitalisering van het Fries
erfgoed. Dat gebeurt op basis van de gemeenschappelijke besluit van Afûk, Cedin,
Fryske Akademy, Omrop Fryslân, de Ried fan de Fryske Beweging en Tresoar.
Dit besluit, het Deltaplan Digitalisering, heeft als doel de Friese ergfoedcollectie digitaal te maken en
beschikbaar te stellen. Daardoor wordt een virtueel Fryslân gemaakt, waar maatschappelijke,
toeristische, wetenschappelijke en economische sectoren toegang toe hebben. Het Deltaplan hoort bij
de investeringsagenda Wurkje foar Fryslân. In totaal steekt de provincie zo’n € 300 miljoen in de
Friese economie. Een van de doelen is om mensen weer aan het werk te helpen.
Het Deltaplan maakt het voor de Friese erfgoedinstellingen mogelijk om haar schatten te laten zien
aan een breed publiek. Het materiaal is goed te doorzoeken op het ‘erfgoedplein’ waar de mensen
informatie kunnen vinden uit hun eigen verleden. Daarnaast geeft het Deltaplan een geweldige impuls
aan de digitalisering van de persoonsgebonden informatie. Dat betekent dat iedereen die een relatie
heeft met Fryslân aan de hand van zijn of haar persoonsgegevens, gegevens over het huis en dorp,
beroep, religie enzovoort kan terugvinden. Ook maakt het Deltaplan het mogelijk een virtuele reis door
Fryslân te maken aan de hand van een kaart en foto- en filmmateriaal.
Werkplekken
Gedeputeerde Jannewietske de Vries: “Met dit project maken we Fryslân zichtbaarder. Niet alleen
voor al die mensen die Fryslân bezoeken in 2018, als Leeuwarden Culturele Hoofdstad is. Ook voor
alle mensen die niet naar Fryslân komen, want zij beleven de provincie virtueel. Zo geven we Fryslân
een sterkere positie in de wereld. Bovendien creëren we hier werkplekken mee.”
Het project zorgt voor een directe impuls voor de werkgelegenheid. Tot en met 2018 zijn dat 111
tijdelijke werkplekken. Doordat het digitale materiaal gebruikt kan worden door alle maatschappelijke
en economische sectoren om haar eigen producten te maken (toerisme, onderwijs en onderzoek
enzovoorts), versterkt dit de Friese culturele en economische structuur meteen.
Download